Rûteplenner fan it Fytsersbûn no ek yn ’t Frysk

De digitale Fytsrûteplenner fan it Fytsersbûn kin fan hjoed ôf rieplachtsje wurde yn it Frysk. De ynwenners fan Fryslân, mar ek Friezen om utens, kinne harren fytsrûtes yn ‘e provinsje en dêrbûten yn harren eigen Taal plenne.

In oersetting nei it Dútsk wie al earder realisearre. It Fytsersbûn wurket noch oan in oersetting nei it Ingelsk. Toeristen kinne dêrmei harren fytstochten ek yn of troch Nederlân fia de digitale rûteplenner útsette.

De bou en it ûnderhâld fan de fytsrûteplenner wurdt koördinearre op it lanlik buro fan it Fytsersbûn, mar de mearwearde wurdt benammen fêststeld troch de ynbring fan tûzenen betûfte fytsers ferspraat oer hiel Nederlân.

It Fytsersbûn leit op dit stuit de hân oan it lêste stik fan de plenner, de provinsje Grinslân. Ein fan dit jier is de digitale rûteplenner fan it Fytsersbûn dan lanlik dekkend.

Voor niet Friessprekenden: De digitale Fietsrouteplanner van de Fietsersbond kan vanaf vandaag ook geraadpleegd worden in het Fries. Eerder werd al een Duitse versie gelanceerd, en de Fietsersbond werkt nog aan een Engelse versie.

Categorieën